Fytser klapt op ferkearsboerd

18 apr 2011 - 10:09

In 17-jierrige jonge út Ilpendam yn Noard-Hollân is snein ferwûne rekke by in ûngelok yn Dokkum. De jonge wie mei in groep oan it hurdfytsen. Op 'e Moarrewâldsterwei rekke er mei it tsjil in rântsje yn 'e dyk. Hy fleach dêrnei tsjin in ferkearsboerd en tsjin in ferkearspylder oans.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle en de skonk nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)