Fytser hâldt foarrang rotonde

21 sep 2009 - 23:12

De foarrangsregel foar fytsers op rotondes yn Ljouwert feroaret noch net. Nei de ynfiering fan de foarrangsregel binne der mear ûngelokken bard as earder.

Dit blykt út in tuskentiidse evaluaasje fan de gemeente. Fierder docht bliken dat fyftich prosint fan de automobilisten de regel graach weromdraaie wol. Ljouwert is noch net safier dat it belied oanpast wurdt. De gemeente wachtet earst de slotevaluaasje yn 2011 ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)