Fytser ferwûne yn Brantgum

12 jul 2002 - 00:00

In ynwenner fan Brantgum is tongersdei swierferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. Hy fytste oer de Ids Wiersmastrjitte en woe de wei oerstekke.

Op dat stuit kaam der in 22-jierrige automobilist út Blije oanstowen. Dy koe net mear om de Brantgumer hinne en ried him oan. De fytser is nei it sikehûs oerbrocht. Fan de Blijster is it rydbewiis ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)