Fytser ferwûne by ûngelok op Snekertrekwei yn Ljouwert

19 feb 2015 - 11:46

In fytser is tongersdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Snekertrekwei yn Ljouwert. De man waard oanriden troch in automobilist. Hy kaam hurd te fallen en rekke ferwûne oan ien fan syn skonken.

De man is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok gebeure koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)