Fytser ferwûne op De Gordyk

19 sep 2014 - 10:21

In 88-jierrige fytser fan Lippenhuzen is tongersdeitejûn op de Badwei op De Gordyk ferwûne rekke by in oanriding. In 31-jierrige automobilist fan Drachten ried fuort by in bedriuw oan de Badwei en seach dêrby it slachtoffer oer de holle. De man waard troch de auto skept.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)