Fytser ferwûne by oanriding

14 okt 2007 - 15:28

By in oanriding op de Rûnwei by De Lemmer is sneon in fytser (77) út dat plak ferwûne rekke. Hy fytste oer it fytspaad fanút de rjochting Follegea en woe de Rûnwei oerstekke. Hy seach in frachtauto, bestjoerd troch in man (26) út Bakhuzen, oer de holle.

In oanriding wie it gefolch en de fytser foel. Hy rekke ferwûne oan de holle en is op it plak sels behannele troch ambulânsemeiwurkers. De man is thúsbrocht troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)