Fytser ferstoarn nei ûngelok

02 sep 2011 - 17:31

De 16-jierrige fytser dy't tongersdei op 'e Jouwer earnstich ferwûne rekke by in ûngelok, is freedtemiddei ferstoarn. De jonge fan It Hearrenfean waard op De Koarte Ekers oanriden. Dat barde neidat hy syn lykwicht ferlear by it opstappen fan syn fyts.

Hy rûn harsensletsel op en waard mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Dêr is hy freedtemiddei ferstoarn. De jonge wie learling fan it Bornego College op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)