Fytser ferstjert nei oanriding mei auto yn Dokkum

21 mrt 2016 - 10:33
  • Dizze foto waard koart nei de oanriding makke

By in oanriding op de Wâlddyk by Dokkum is moandeitemoarn in fytser (80) omkaam. De bestjoerder (81) fan de auto is nei it ûngelok trochriden. De plysje hâlde in sykaksje nei de bestjoerder en sette ûnder oaren Burgernet yn. De automobilist melde him letter sels op it plysjeburo.

Foar it slachtoffer is de traumahelikopter oproppen, mar dy kearde healwei wer om. De Wâlddyk wie in skof ôfsletten foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)