Fytser fan de N359 by Spannum helle

22 sep 2015 - 11:50
  • It plak op de N359 dêr't de fytser fan de dyk helle is

In 47-jierrige automobilist út Dronryp hat tiisdeitemoarn op de N359 by Spannum in fytser fan de dyk helle. De man út Easterein fytste oer de drokke 100 kilometerdyk. De bestjoerder hat earst mei de alarmljochten oan achter de fytser riden en warskôge de plysje.

Doe't it te gefaarlik waard, ried de Dronrypster om de fytser hinne en ried him klem yn de berm. Dêrnei hat de plysje him om de man bekommere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)