Fytser Drachten slim ferwûne

08 mrt 2008 - 13:09

In 51-jierrige man út Drachten is freed slim ferwûne rekke by in ûngemak yn syn wenplak. De man fytste by it parkearplak by winkelsintrum Noorderpoort del, doe't er oanriden waard troch in achterútridende auto. De bestjoerder dêrfan hie de man oer de holle sjoen.

De Drachtster rekke slim ferwûne oan syn holle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)