Fytser botst tsjin twa auto's

24 feb 2012 - 11:16

In 20-jierrige ynwenner fan Drachten is tongersdeitemiddei ferwûne rekke op de Berchleane yn syn wenplak. De man ried op de fyts en kaam yn botsing mei in auto. Dêrnei kaam er yn botsing mei noch in oare auto.

It slachtoffer hat nei alle gedachten it skouderbonke stikken. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Drachten brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)