Dronken fytser rydt motorplysje oan en wurdt oanhâlden

23 aug 2015 - 11:56
  • Motorplysje

In ynwenner (19) fan de gemeente De Fryske Marren is sneontejûn op It Hearrenfean mei syn fyts tsjin in plysje-aginte op de motor botst. Dat wie op de krusing fan de Atalantastrjitte mei de Abe Lenstra Boulevard. De plysje wie op motor mei swaailjocht en sirene ûnderweis nei in spoedmelding.

De plysjefrou en de fytser giene troch de botsing beide ûnderút. De fytser hie gjin ferljochting. Boppedat hie er fierstente folle dronken. De man is oanhâlden.
De plysjefrou hie nei de fal pine oan har earm.

De fytser woe net holpen wurde troch de ambulânsemeiwurkers, mar plysjes seagen dat er reade eagen hie en net mear op syn skonken stean koe. By in blaastest die bliken dat er in soad drank op hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)