Fytser botst op lantearnepeal yn Drachten en rekket ferwûne

23 aug 2015 - 10:24
  • Traumahelikopter

In 23-jierrige ynwenner fan De Pein is sneintemoarn betiid swier ferwûne rekke neidat er op 'e fyts tsjin in lantearnepeal ried. Hy fytste mei in 20-jierrige freon troch Drachten doe't er tsjin de lantearnpeal knalde. It is net dúdlik hoe't dat barre koe.

De man rekke bûten westen. De traumahelikopter waard ynset. It slachtoffer is úteinlik mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)