Fytser botst mei graafmasine yn Minnertsgea

08 aug 2015 - 15:55

De frou dy't sneon swier ferwûne rekke neidat se oanriden waard troch in kraanwein is in 70-jierrige ynwenster fan Minnertsgea. De 28-jierrige kraanbestjoerder, ek út Minnertsgea, moast útwike foar in tsjinlizzer. Dêr stie de frou. Se foel en rûn rekke dêrby ferwûne oan 'e holle.

De bestjoerder fan de kraan hat yntusken in ferklearring by de plysje ôflein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)