Fytser achterfolge troch auto

01 okt 2010 - 10:10

In man (42) fan De Lemmer is tongersdei achternei sitten troch in man yn in auto, dy't him mei opsetsin oanride woe. De man krige op in rotonde by de Almere gjin foarrang fan de man yn de auto en sei dêr wat fan. De autobestjoerder kaam doe achter him oan en hat oant trije kear ta besocht de fytser oan te riden.

Dat barde op de Almere, op de brêge by de Visserburen en de by Gerben Bootsmastrjitte. Doe't dat net slagge, is de man útnaaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)