Hearrenfeanster (96) stjert nei fal fan fyts

24 apr 2015 - 10:26

In 96-jierrige man fan It Hearrenfean is tongersdeitemiddei ferstoarn nei in ûngelokkige fal mei syn fyts. De man ried oer it fytspaad by it Fluwelenleantsje yn Aldskoat, doe't hy tsjin in parkeard steande fyts botste. De man kaam hurd te fallen. Omstanners hawwe noch besocht om it slachtoffer te reanimearjen.

De man is letter yn it sikehûs oan syn ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)