Westergeastmer rydt fytser oan

20 des 2013 - 10:05

In 36-jierrige man út Westergeast hat tongersdeitemiddei in 87-jierrige fytser út it Grinzer Niekerk oanriden. De fytser kaam by it ûngelok om it libben. It slachtoffer joech op de Woldwei yn Sebaldebuorren gjin foarrang oan de automobilist út Westergeast. De bestjoerder koe it slachtoffer net mear ûntwike. By de oanriding rekke it slachtoffer swier ferwûne. De man ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)