Fytser (17) fertocht fan mishanneling fuotgonger (60)

14 feb 2015 - 13:59

De pysje hat freedtemoarn yn Oerterp in fytser fan 17 jier oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er in fuotganger fan 60 jier slein hat. De âldere man hie earder rûzje hân mei de jonge. Op de Binnenwei woe de âldere man him dêrop oansprekke. De jonge sloech de man, dy't te gean wie, yn it foarbyfytsen mei de fûst op de noas. De jonge en de man komme beide út de gemeente Opsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)