Fytser (14) ferwûne by ûngelok

16 maaie 2014 - 10:35
  • Ungelok Kanaalwei Ljouwert

In 14-jierrige fytser is freedtemoarn yn Ljouwert ferwûne rekke by in ûngelok op de Kanaalwei yn Ljouwert. De jonge stuts flak foar syn skoalle oer en waard skept troch in auto. It slachtoffer kaam mei syn holle op de rút fan de auto telâne en foel meters fierder op de dyk.

De fytser is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Kanaalwei wie tydlik ôfsletten foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)