Fytsende famkes ferwûne

20 okt 2009 - 13:38

By twa ûngemakken yn Drachten en yn Sint Anne binne tiisdei twa fytsende famkes ferwûne rekke. Op de Buitenstevallaat yn Drachten waard in famke oanriden troch in automobilist. Se rekke ferwûne oan de holle en bruts in skonk. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De ferwûnings by it ûngemak yn Sint Anne lykje ta te fallen. In húsarts hat it slachtoffer behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)