Fytsen yn wetter smiten

01 jun 2010 - 09:48

Twa Drachtsters fan 15 en 16 jier binne oanholden foar fandalisme. Se wiene mei noch in oare jonge oan it fjochtsjen op 'e Sint Jansberg. In oar groepke seach dat. Ien fan harren woe dat filmje mei syn tillefoan. Doe't de trije jonges it groepke oanfalle soene, naaide dat út.

De jonges smieten ien fan 'e fytsen fan 'e oare jongeren yn it wetter. De plysje waard warskôge en dy koe twa fan de trije jonges oanhâlde. Sy hawwe proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)