Fytsen yn grêft smiten

25 apr 2009 - 13:58

Twa Ljouwerter jongeren moatte sneon fytsen út de grêft op de Foarstreek helje. Se ha se der freedtenacht sels ynsmiten. Tsjûgen seagen dat fjouwer jongeren fytsen yn it wetter goaiden. In 18-jierrige man en in 18-jierrige frou ha bekend dat sy it dien ha.

Yn de omjouwing fan it Jacobijnertsjerkhôf yn Ljouwert binne freedtenacht by tal fan gebouwen ruten fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)