Fytsen stellen op De Jouwer

26 maaie 2010 - 10:47

By in fytsewinkel op 'e Jouwer binne dit wykein tsientallen fytsen stellen. De fytsewinkel sit oan de Tolhúswei. De plysje tinkt dat der ynbrutsen is tusken sneontejûn goed sân oere en tiisdeitemoarn acht oere. De dieven brutsen de doar fan de yngong yn en koene sa de fytsen meinimme.

De fytsen ha in wearde fan inkele tsientûzenen euro's. De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak. Ek freget it minsken alert te wêzen as der goedkeap nije merkfytsen oanbean wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)