Fytsen foar trio De Groot

28 aug 2011 - 16:54
  • It winnende partoer yn Bitgum

Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma binne snein winners wurden fan de Van Aismapartij yn Bitgum. As haadpriis krigen se elk in fyts.

De Groot en dy wûnen de finale fan de frijeformaasjepartij mei 5-5 en 6-2 fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. De partij rekke út doe't Renze Pieter Hiemstra de keats keare koe. Yn de earste omloop wûnen De Groot en dy fan it sterke partoer fan Gert-Anne van der Bos.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)