Fytsefernieler Kollum oanholden

17 maaie 2006 - 12:26

De plysje hat tiisdeitemiddei yn Kollum in ynwenner fan dat plak oanholden. De man hie in oantal fytsen fuortsmiten en oan ien fyts wie dêrtroch skea ûntstien. De eigner fan de fyts die oanjefte fanwege fernieling.

De man is oanholden en nei it plysjeburo oerbrocht. De plysje ûndersiket noch wat foar de man de reden wie om mei fytsen te smiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)