Fytsedieven yn Ljouwert pakt

02 feb 2011 - 10:26

Trije Ljouwerters (18 en 25) binne oanhâlden foar it stellen fan in fyts. Se waarden moandei sjoen, doe't se troch de stêd rûnen mei de fyts. In Ljouwerter herkende de fyts fan syn dochter en belle de plysje. Sels gie er achter de fertochte oan.

In plysjeman dy't frij hie, seach dat en holp de heit. De trije fertochten bedrigen beide manlju. Ien fan de 18-jierrige jonges koe oanhâlden wurde. De oare twa naaiden út, mar binne woansdei oppakt. Se sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)