Fytsedieven yn Ljouwert oanhâlden

10 maaie 2015 - 10:47

Op de Snekertrekwei yn Ljouwert binne sneontenacht twa fytsedieven oanhâlden troch de plysje. Der wie in melding binnenkaam dat in elektryske fyts stellen wie yn de Prins Hendrikstrjitte. De dieven - fan 26 en 22 - hiene twa fan dy fytsen by har. Letter die bliken dat ek dy twadde fyts stellen wie yn de Prins Hendrikstrjitte. De fytsen binne wer weromjûn oan de eigeners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)