Fytsedieven pakt yn Terherne

28 jul 2008 - 10:24

Twa jonges út Snits binne snein yn Terherne oanhâlden fanwege stellerij mei geweld. De twa hiene in fyts stellen by de kamping. De eigner seach dat fanút syn karavan en gie der achteroan. Hy hie se gau te pakken, mar ien fan de jonges sprong him doe op de nekke.

It slachtoffer krige help fan de havenmaster en in pear omstanders. Sy bellen 112 en hâlden de fertochten fêst oant de plysje kaam, dy hat se meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)