Fytsedief yn Ljouwert pakt

26 sep 2012 - 11:42

In jonge (16) út Ljouwert is tiisdei op de Sophialeane yn Ljouwert oppakt foar it stellen fan in fyts. Fia 1-1-2 kaam de melding dat twa jonges op it stasjon ûnderdielen fan fytsen helle hiene. Doe't de plysje op it stasjon kaam, wiene de twa útnaaid. Op de Sophialeane kaam de pysje de jonges wer tsjin. Doe't se de plysje seagen, fytsten se elk in oare kant út. Ien fan har is oppakt en de fyts dêr't er op siet, is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)