Fytsedief trappearre op it Stasjonsplein yn Ljouwert

22 sep 2015 - 10:54
  • Fytsestalling

De plysje yn Ljouwert hat moandeitemiddei in 20-jierrige Ljouwerter fytsedief oanhâlden. Tsjûgen seagen dat de man op it Stasjonsplein fytsen út in rek luts en fan ien fyts it slot fernielde.

Foar't de man útnaaie koe, wie de plysje warskôge. Dy naam de man mei nei it plysjeburo. De fyts dy't de man stellen hat, is ek meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)