Fytsedief oanholden Feanwâlden

23 maaie 2009 - 15:02

De plysje hat freedtejûn op de Rûnwei yn Feanwâlden in 21-jierrige ynwenner fan Ter Apel oanholden op fertinking fan stellerij fan in fyts. In plysjeman, dy't gjin tsjinst hie, seach dat de fertochte in fyts stellen hie.

Hy warskôge in kollega en dy koe de fertochte oanhâlde. De man út Ter Apel is oerbrocht nei it plysjeburo. De fyts is werombrocht by de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)