Fytsedief mei buit achterop

19 apr 2006 - 10:27

Twa plysjeminsken op it Hearrenfean hawwe fannewike yn har frije tiid in fytsedief oanhâlden. De 24-jierrige man fytste troch syn wenplak mei noch in fyts achterop. It slot fan dy twadde fyts wie iepen brutsen.

De plysjeminsken fertrouden de saak net en hâldden de man oan. By him thús is letter noch in twadde fyts fûn, dy't mooglik ek stellen is. De fertochte sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)