Fytsedief lûkt mes

25 sep 2014 - 10:31
  • Plysje

In ûnbekende man hat woansdeitejûn mei geweld in fyts stellen yn Ljouwert. In 33-jierrige Ljouwerter seach dat er in fyts meinaam út in tún oan de Saiterstrjitte en gie achter de dief oan. By de Tynjedyk foel de dieder, wêrnei't beide manlju mei elkoar op de fûst giene. De fytsedief luts in mes en naaide dêrnei út.

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de achterfolging en fan de fjochterij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)