Fytsedief en heler oppakt

25 jun 2007 - 11:43

Twa manlju binne dit wykein oppakt foar stellerij en heling fan fytsen. It giet om in Wolvegeaster (35) en in Drachtster (73). De plysje wie tipt dat by dy lêste wol gauris fytsen brocht waarden.

Doe't de plysje kaam, levere de man út Wolvegea krekt trije fytsen ôf. Hy joech ta se stellen en trochferkocht te hawwen. De Drachster fersette him sa by de oanhâlding dat de plysje pepperspray brûke moatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)