Fytse foar en nei Roemenië

08 maaie 2004 - 00:00

Santjin fytsers binne sneontemoarn ôfset foar in sponsortocht nei Roemenië. De tocht giet fan Garyp nei it doarpke Schitu Stavnic. Oan de tocht fan 3000 kilometer wurdt meidien troch in tal bekende Friezen lykas âld-Alvestêdetochtfoarsitter Henk Kroes, Omrop-Fryslân-meiwurker Karst Berkenbosch, wrâldfytser Ype Roorda en meubelman Piet Kapenga.

De tocht moat úteinlik 200.000 euro opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)