Fytse foar Cycle for Hope

02 sep 2014 - 17:45

Sa'n trijehûndert fytsers stappe dizze moanne op 'e fyts foar Cycle for Hope. Yn estafettefoarm fytse dielnimmers sa'n 1200 kilometer yn twa dagen. De estafetteteams wikselje freedtemoarn by it Friesch Congrescentrum yn Drachten. Cycle for Hope is in sponsortocht foar Stichting De Hoop. Dizze organisaasje helpt dakleazen, ferslaafden, eks-prostituees en kwetsbere bern en jongerein. De tocht giet troch it hiele lân en komt troch hast alle provinsjes. It is de bedoeling dat de sponsortocht in heal miljoen euro opbringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)