Fytsdieven oppakt

18 mrt 2011 - 10:24

Yn Ljouwert en Snits binne tongersdei minsken oanhâlden fanwege fytsestellerij. Yn Snits waard in 30-jierrige man trapearre doe't er by in bushalte it slot fan in fyts fernielde. Flakby stie ek al in fyts klear. De man is meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er noch trettjin dagen sitte moast.

Op de Wurdumerdyk yn Ljouwert seach de plysje dat in man (37) in fyts pakte dy't net fan him wie. De man is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)