Fytsbrêge oer drok krúspunt

27 sep 2007 - 22:50

De gemeente Ljouwert wol in fytsbrêge mei rotonde oer it Oostergoplein bouwe. It plein leit oan de súdkant fan de stêd, yn de rjochting fan Goutum. Op it drokste ferkearspunt fan de stêd ride alle dagen 2500 fytsters. Yn de takomst wurde dat der noch mear.

De brêge kostet 9 miljoen euro. De rie nimt ein oktober in beslút. Omwenners wolle in tunnel, mar neffens de gemeente is dy opsje te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)