Fytsbrêge moat oanpakt wurde

04 sep 2014 - 15:39
  • De fytsbrêge oer de Suderhegewei yn Drachten wurdt ûndersocht

De pylder fan fytsbrêge De Slinger yn Drachten, dy't by it slimme ûngelok op 26 maaie troch in auto rekke waard, moat ferfongen wurde. Dat docht bliken út it ûndersyk dat de gemeente Smellingerlân dwaan liet. Oft allinnich de foet fan de pylder ferfongen wurde moat, of de hiele pylder is noch net bekend. Ek de stielen stangen dy't de brêge byinoar hâlde moatte, binne net mear feilich.

Wat de hiele reparaasje kostje sil, hinget ôf fan de berekkenings dy't op dit stuit útfierd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)