Fytsbrêge Grou teplak takele

24 mrt 2014 - 12:08
  • Kraan tilt de nije brêge oer Rjochte Grou te plak

Fytsers en kuierders yn Grou kinne fan heal april ôf wer oer de Rjochte Grou hinne. Dêr wie in brêge, mar dy hat der twa jier lang út lein, omdat er net fertroud wie. Moandei is it wurk oan de nije brêge úteinset. In grutte kraan is ynset om it brêgedek deryn te lizzen en de stielen opbou teplak te setten en te montearjen.

De kommende twa wiken wurdt de elektroanika yn de brêge oanlein. It gebiet om de brêge hinne wurdt ek fernijd. Dat plan is makke yn gearspraak mei de bewenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)