Fytsbrêge Drachten hast klear

18 apr 2006 - 10:09

De nije fytsbrêge oer de Suderhegewei yn Drachten wurdt begjin maaie monteard. De brêge is 240 meter lang en komt oer in nije rotonde. Arsjitekt Rein Hofstra út Grou hat it ûntwerp makke. De brêge wurdt boud yn Middelburg en yn parten nei Drachten tabrocht.

De brêge hie yn desimber al klear wêze moatten. Dat wurdt no july, om't er dreger te meitsjen wie as it Sieuske konstruksjebedriuw tocht hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)