Fytsalvestêdetocht is fol

20 jan 2011 - 20:31

De ynskriuwing foar de fytsalvestêdetocht 2011 is sletten. It tal ynskriuwings is no al sa heech dat de grins fan fyftjintûzen plakken helle is.

De organisaasje ropt minsken dan ek op om har net mear oan te melden of jild oer te meitsjen. Belangstellenden dy't bûten de boat falle, kinne har al wol opjaan foar de tocht yn 2012. Dat kin fia de website. De fytsalvestêdetocht fan dit jier wurdt riden op pinkstermoandei 13 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)