Fytsalvestêdetocht fan start

01 jun 2009 - 09:09
  • By de start (foto: Martin de Jong)

Yn Boalsert binne pinkstermoandei 15.000 fytsers út ein set mei de Fytsalvestêdetocht. Krekt foar acht oere binne de lêsten fan start gien. Der wurdt yn totaal 240 kilometer ôflein.

De waarmte en de krêftige wyn kinne de fytsers noch wol ris parten spylje. Omrop Fryslân docht op de radio de hiele dei ferslach fan it evenemint en jûns is der op televyzje in kompilaasje te sjen fan it evenemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)