Fytsalvestêdetocht fan start

20 maaie 2013 - 07:13
  • Fytsers yn Boalsert krekt foar de start

Om fiif oere moarns is op twadde pinksterdei de 101ste fytsalvestêdetocht fan start gien yn Boalsert. De fytsers starte yn 23 groepen fan 600 dielnimmers. Mei-inoar sille der 13.496 fytsers fan start gean. De lêste groep giet om acht oere fan start. De tocht giet oer in ôfstân fan 235 km. Dielnimmers kinne oant tolve oere jûns binnen komme.

Omrop Fryslân docht de hiele dei ferslach fan de fytsalvestêdetocht op de radio en middeis ek op dei-tv. En moandeitejûn fansels ek yn Hjoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)