Fyts yn it wetter smiten

23 maaie 2009 - 15:29

De plysje yn Snits hat yn de nacht fan freed op sneon yn de Gysbert Japiksstrjitte in 18-jierrige ynwenner fan dat plak oanholden yn ferbân mei fernielings. In tsjûge hie de Snitser rinnen sjoen by de Keninginnebrêge en seach dat de fertochte wat yn it wetter smiet.

Omdat it nochal wat leven makke hat de tsjûge de plysje ynskeakele. Nei in koarte syktocht koe de fertochte oanholden wurde. It die bliken dat de man in fyts yn it wetter smiten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)