Fyts Van Moorsel nei It Fean

18 aug 2004 - 17:32

De fyts dêr't Olympysk kampioen Leontien van Moorsel yn 1991 wrâldkampioen op 'e dyk mei waard, is skylk te sjen op It Hearrenfean. De fyts komt te stean yn it Willem van Harenmuseum.

Dat museum hat in eksposysje organisearre fanwege it 100-jierrich bestean fan it fytsfabryk Batavus. Van Moorsel prolongearre woansdei har Olympyske titel by it tiidriden yn Athene ek mei in fyts makke op It Fean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)