Fyts ûnder frachtauto

06 mrt 2014 - 16:52
  • Fytser oanriden troch frachtauto

In 59-jierrige frachtweinsjauffeur út De Jouwer hat tongersdeitemoarn in fytser oanriden op de Meerweg yn Haren (Grinslân). It 74-jierrige slachtoffer út Eelderwolde bedarre mei de fyts ûnder de frachtwein en rekke swier ferwûne. De man is oerbrocht nei it UMC yn Grins. De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)