Fyts troch de ruten

22 okt 2008 - 09:52

De plysje hat yn nacht fan tiisdei op woansdei yn Ljouwert trije jonges oanhâlden foar it fernielen fan in rút mei in fyts. In tsjûge seach dat de trije yn de Willem Lodewijkstrjitte dwaande wienen en joech de plysje tillefoanysk it sinjalemint fan de fandalen troch.

Op de Blokhúsbrêge seagen plysjes net folle letter de trije rinnen. De jonges fan 17, 18 en 22 jier binne oanhâlden en sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)