Fyts siket baas

19 jul 2011 - 09:42

De plysje siket de eigner fan in nagelnije fyts. Dy is sneontenacht yn beslach naam troch plysjes yn Snits. Sy seagen in 29-jierrige man der op riden. Se wisten dat hy yn it ferline wol faker fytsen stellen hie en hâlden him dêrom oan.

De Snitser joech al gau ta dat er de fyts stellen hie. De plysjs hat him en de fyts meinaam nei it buro. De plysje hat de eigner fan de fyts noch net achterhelje kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)