Fyts mei op OV-chipkaart

19 jan 2012 - 11:12

Ferfierder Arriva wol yn Fryslân graach in fytskaart op de OV-chipkaart ynfiere. Dat betsjut dat de reizger njonken it ynchecken mei de chipkaart net mear los in kaartsje hoecht te keapjen foar de fyts. It meinimmen fan in fyts yn de trein wurdt sa makliker.

De fytskaart sil oer net al te lange tiid te krijen wêze yn alle Arrivatreinen yn Grinslân. De provinsje Grinslân hat al mei Fryslân oerlein oer de ynfiering yn ús provinsje. Arriva hopet dat it foar de simmer klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)